Krityk op steigers Lauwersmar

26 jun 2011 - 14:25

It Lauwersmargebiet is klear foar in grutte stream boatsjeminsken. Mei in ynvestearring fan 6 ton binne nije oanlisplakken makke sadat eilantsjes as it Senneroog, Kollumeroord en het Zomerhuis better mei de boat te berikken binne. Rob Meijer fan jachthaven Lunegat by Dokkumer Nije Silen fynt de oanpassings goed foar it toerisme, mar hat ek krityk.

Hy fynt dat tefolle jild stutsen is yn oanlissteigers foar sjarterskippen. Foar lytse boaten is net folle dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)