Man rydt tsjin beam

26 jun 2011 - 12:57

Oan de Efterwei yn De Rottefalle is sneontejûn in auto tsjin in beam riden. De bestjoerder, in man fan 31 fan De Tike, hie tefolle dronken.

De man koe sels út syn auto komme en rûn fuort. Syn frou wie yntusken warskôge. Dy hat him wer mei werom naam nei it plak fan it ûngelok. De plysje hat him doe meinommen nei it buro, foar in azemanalyse. Syn rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)