Excelsior krijt earepenning

Kristlike muzykferiening Excelsior fan Surhuzum hat sneontejûn de Keninklike Earepenning krigen fan boargemaster Piet Adema fan Achtkarspelen.
Excelsior krige de penning yn ferbân mei it 100-jierrich bestean. It is foar it earst dat sa'n penning yn Achtkarspelen útrikt is. Excelsior hie sneon in tal jubileumaktiviteiten. Spesjaal foar it ieufeest wie in reünyorkest foarme, mei in tal âld- leden.