De Groot-en-dy winne Holwert

© Omrop Fryslân
Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma hawwe sneon de haadklasse frije formaasjepartij yn Holwert wûn. De formaasje wie yn de finale te sterk foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. De winst kaam op 5-3 en 6-4.
Renze Pieter Hiemstra waard kening fan de partij en dêrmei de opfolger fan Van der Bos, dy't yn syn eigen wenplak twa jier achterinoar wûn hie.