3J's op 5de Fryske Music Night

De Fryske Music Night krijt by de fiering fan it fiifjierrich bestean help fan artysten lykas De 3J's en Willeke Alberti. Dat hat de organisaaasje sneon bekend makke. De fyfde edysje is op sneon 26 novimber yn it Ljouwerter WTC Expo.
Ut Fryslân steane ûnder oare Elske DeWall, DieTwa en De Hûnekop op it poadium. De fyfde edysje komt der omdat it de organisaasje slagge is nije donateurs en sponsors te finen, sadat it ek finansjeel helber is.