Kramer: 'Ik sit op 85 prosint'

25 jun 2011 - 12:34

Sven Kramer hat sneontemoarn syn earste training op it simmeriis fan Thialf ôfwurke. It wie foar it earst sûnt lange tiid dat hy wer mei de TVM-seleksje trainde. Troch in slepende blessuere foel it folsleine ôfrûne seizoen fan Kramer yn it wetter.

De man fan It Fean is tefreden oer de earste training. Kramer: 'It fielt goed. Ik fernim noch altyd dat de blessuere noch net hielendal fuort is, mar it giet goed. Ik sit op 80 oant 85 prosint fan myn kinnen.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)