Jonkje ferwûne by optocht

25 jun 2011 - 12:21

In jonkje fan acht jier is freedtejûn ferwûne rekke by in optocht yn De Blesse. It jonkje út Pepergea besocht op ien fan de weinen te klimmen. Dat mislearre lykwols en it jonkje bedarre ûnder ien fan de tsjillen.

Hy is troch ambulânsepersoniel op it plak fan it ûngelok stabilisearre en dêrnei oerbrocht nei it sikehûs. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)