Skûterrider ferûngelokke
In skûterrider fan 35 jier fan De Gordyk is freedtenacht ferûngelokke op de Boerestreek by Lippenhuzen. De man waard om in oere as ien fûn troch foarbijgongers. De oproppen helptsjinsten koene doe al neat mear foar him dwaan.
De man is nei alle gedachten de macht oer it stjoer kwytrekke en dêrnei fallen. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht.