Fjochtsjende Welshmen yn kafee

25 jun 2011 - 12:06

Yn de Van Harenstrjitte yn Wolvegea hat freedtejûn in fjochtpartij west. Dêrby is it ynterieur fan it kafee stikken slein mei barkrukken. Trije besikers moasten mei ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde.

Fjouwer manlju út Wales gedroegen har al de hiele jûn ferfelend. Uteinlik rûn dat út de hân en ûntstie der in fjochtpartij mei de oare besikers. De fjouwer manlju út Wales wiene al fuort doe't de plysje kaam, mar letter binne se dochs oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)