Striid oer personiel C1000

25 jun 2011 - 11:28

De fêste meiwurkers fan de C1000 yn Jobbegea komme uterlik freed mei in plan hoe't se har wurk hâlde kinne. De eigner fan de supermerk wol it fêste personiel ferfange troch tydlike krêften, omdat dy minder djoer binne en de winkel oars net bestean bliuwe kinne soe.

Earder besochten de meiwurkers harren ûntslach al mei in petysje te kearen, mar omdat dat gjin effekt hân hat komme se no mei in alternatyf plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)