Snein gjin treinen nei Starum
Omdat der oan it spoar wurke wurdt ride der snein gjin treinen tusken Ljouwert en Starum. Yn stee dêrfan wurde bussen ynset. Dy stopje by alle stasjons.
Fanwege de ynset fan de bussen duorret de reis op syn meast in healoere langer. Arriva warskôget dat oanslutings dêrtroch mooglik net helle wurde. Moandei ride der tusken Ljouwert en Starum wol wer treinen.