Toeristysk besikerssintrum

Foto: VVV
De gemeenten Gaasterlân-Sleat en Súdwest-Fryslân foarmje tegearre it Nasjonaal Lânskip Súdwest Fryslân. Hjir komt in besikerssintrum. Dit moat ynformaasje jaan oer it gebiet. Derneist wurdt it in wichtige min-waarfoarsjenning.
Yn Balk oerhandige deputearre Jannewietske de Vries freed in boek mei ideeën foar it sintrum. Dat komt by De Wyldemerk of de Galamadammen. It besikerssintrum moat der oer trije jier stean.