Fertochte Snits langer fêst

De fertochte fan de moard op Ashwinta Dykstra (27) út Snits bliuwt noch twa wike fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris freed sein. De 42-jierrige man út Denekamp is ferline wike freed yn België oanhâlden.
De frou waard moarns betiid dea fûn yn har hûs oan de Partuerstrjitte. Se is in gewelddiedige dea stoarn. De fertochte wie útnaaid, mar waard nei in grutskalige syktocht oppakt.