Eask 6 jier foar Drachtster

Seis jier sel is easke tsjin de Drachtster frou (23) dy't it famke Cheyenne mishannele. It Iepenbier Ministearje yn Den Bosch hat dat freed easke. Tsjin de mem fan it famke is tongersdei ien jier sel easke.
Op in feestje yn Eindhoven ferline jier april waard it famke (2) bewusteleas oantroffen. Se is nei it sikehûs brocht dêr't se letter stoar. Ut ûndersyk die bliken dat it famke geregeld mishannele waard. De Drachtster joech it mishanneljen ta.