6 jier foar mishannele plysje

Justysje hat yn heger berop seis jier selstraf easke tsjin de Harnzer (34) dy't in plysjefrou swier mishannele. De man moat ek trije moanne selstraf útsitte dy't er earder ûnder betingst krige foar in oar fergryp. Hy krige ferline jier trije jier sel foar it mishanneljen. Dat wie yn 2009 yn Ljouwert.
De Harnzer reagearre agressyf doe't er oanhâlden waard. Hy sloech sa hurd dat de frou út de tiid rekke. Justysje neamt dat poging ta deaslach.