Mega-ynbraak Beetstersweach

24 jun 2011 - 12:36

Yn Beetstersweach is ynbrutsen yn in appartemintekompleks yn oanbou. Der is tongersdeitenacht foar tsientûzenen euro's oan materiaal stellen.

Boufakkers ûntdutsen de stellerij freed doe't se oan it wurk woene yn it kompleks oan de Skeakel en de Bou. Fan ferskate apparteminten binne doarren iepenbrutsen en út it kompleks binne kranen út keukens meinaam. Ek is in soad ynbouapparatuer lykas kuolkasten en magnetrons stellen. Ek binne seis al oansletten cv-tsjettels meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)