Rekôrbedrach foar jirpels

24 jun 2011 - 12:26

Jierappelhannel HZPC betellet foar it ôfrûne jier in rekôrbedrach oan de Fryske boeren. De kwaliteit fan de jirpels wie goed, mar der binne ek noch ris in soad rispe.

Ferline jier like it derop dat der in lege opbringst wêze soe. Der is in soad rein fallen en it is dreech om jirpels út wiete grûn te heljen. Dochs is it de Fryske boeren slagge om de jierappels goed te bewarjen. De jirpelprizen wiene ferline jier goed 25 prosint heger as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)