Utstalling slykwurkers
By de Seedykster Toer yn Marrum is freed in útstalling oer slykwurkers iepene. De eksposysje is in earbetoan oan slykwurkers dy't oant de tachtiger jierren bûtendyks wrotten foar de lânwinning.
De útstalling 'Slykwurk fan Noarderleech oant Holwert' wurdt mooglik permanint. It âlde ark is yn alle gefallen oant de ein fan dit jier te sjen.