Drachtster frou komt foar

In frou (21) út Drachten moat freed foar de rjochtbank fan Den Bosch ferskine. Se is belutsen by de dea fan in 2-jierrich famke.
De frou wenne mei in frou (22) út Eindhoven en har dochterke. Op in feest yn Eindhoven ferline jier april is de beuker bewusteleas oantroffen. Yn it sikehûs is se letter stoarn. Ut ûndersyk die bliken dat it famke geregeld slein waard troch har mem en freondinne. Tsjin de mem hat it IM tongersdei ien jier sel easke.