Sikehûzen wurkje gear

Martini, Wilhelmina en Nij Smellinghe wurkje gear
Nij Smellinghe yn Drachten wol yntinsyf gearwurkje mei it Wilhelmina sikehûs yn Assen en it Martini sikehûs yn Grins. De gearwurking is op medysk mêd en by de stypjende tsjinsten.
Der komt earst in helberheidsûndersyk. Dêrby binne pasjinte-organisaasjes, fersekerders en ûndernimmingsrieden belutsen. Troch de gearwurking kin de soarch mear konsintrearre en spesjalisearre wurde. Doel is yn de takomst goeie soarch te bieden. De sikehûzen bliuwe wol selsstannich.