Lege Geaën ûnderdiel fan SWF

24 jun 2011 - 06:20

De Lege Geaën wurdt ûnderdiel fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dat hat de gemeenteried tongersdei bepaald. De doarpen Dearsum, Poppenwier, Raerd, Sibrandabuorren en Tersoal hiene der sels om frege.

Se hearre no noch by Boarnsterhim, dy bepaalde dat de doarpen ûnderdiel wurde soene fan de gemeente Ljouwert. En dat woene se net om't se echte plattelânsdoarpen binne en bot rjochte binne op Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)