Friesland Flyers nei de top

Mei de nije namme Friesland Flyers wolle de iishockeyers fan It Hearrenfean wer nei de top. Oer trije jier moat it kampioenskip fierd wurde. It budzjet fan de klup giet fan 250.000 nei 380.000 euro, al sykje de Flyers noch in nije haadsponsor. De klupkleuren wurde read, wyt en blau en de thúswedstriden sille tenei op freedtejûn spile wurde.
Der sil ek mear omtinken jûn wurde oan de jeugdoplieding. Foar sponsors komme der mear mooglikheden.