Sakke, mar dochs yn de krante

23 jun 2011 - 16:12
  • Skoallemienskip Magister Alvinus

Skoallemienkip Magister Alvinus yn Snits hat ek sakke learlingen yn de krante set tusken de slagge learlingen. It giet om ûngefear tsien learlingen, dy't sels al wisten dat se sakke wiene. Sa'n fersin is neffens de skoalle noch nea earder foarkommen.

De learlingen fan de VMBO-oplieding Gemengde en Theoretische leerweg hawwe dizze wike hereksamen dien. Mooglik steane se letter noch in kear yn de krante yn de rubryk 'slagge'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)