Wetterboartersplak wer ticht

23 jun 2011 - 15:52

It wetterboartersplak by De Potmarge yn Ljouwert is wer ticht. Yn it wetter is in bakteriële fersmoarging fûn. It giet om saneamde 'yntestinale enterokokken', dy't yn bistestront sitte. Dizze maitiid soarge de stront fan wetterfûgels ek al foar fersmoarging. De bisten bliuwe dêr, omdat minsken se fuorje. De gemeente hat it advys jûn dat net te dwaan, mar dat hat net holpen.

It wetterboartersplak is no foar ûnbepaalde tiid ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)