Festival Simmerdeis wer los

It festival Simmerdeis yn Drachten is tongersdeitemiddei begûn mei in bysûndere teeseremoanje by Smelle Ie. De festivalgongers waarden oanmoedige om sels de yngrediïnten foar de tee út de natoer te heljen. It doel is dat minsken sels wer de ferantwurdlikheid nimme foar har eigen iten en drinken.
Simmerdeis giet moarn pas echt los yn it Drachtster Slingepark. Op de 5e edysje fan it festival komme ferskate bekende artysten lykas Jacqueline Govaerts en de band Rigby.