Ljouwerters pakt mei drugs

23 jun 2011 - 11:03

Trije manlju út Ljouwert binne woansdei oanholden foar hannel yn harddrugs en mislediging. Ien fan de fertochten misledige de plysje by in ferkearskontrôle. Syn beide passazjiers stapten út en diene agressyf nei de plysje. Dêrnei stapten se wer yn en naaiden hurd út.

Letter koene se wer oanholden wurde. De plysje fûn 20 wikkels harddrugs en in grut jildbedrach yn de auto. De trije Ljouwerters binne fêstsetten. De drugs en it jild binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)