Baltende Drachtster oppakt

23 jun 2011 - 10:10

In 35-jierrige ynwenner fan Drachten is woansdeitemiddei yn syn wenplek oanholden foar mislediging.

De man foel op, omdat er oer it terrein fan it busstasjon marsjearde. Dêrby rôp er allegear kreten oer de Twadde Wrâldoarloch. Meardere passazjiers steurden har dêr oan. Tasichthâlders ha de man oanhâlden en oerdroegen oan de plysje. Op it buro krige er proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)