Ferslavingssoarch yn aksje

23 jun 2011 - 09:52

Verslavingszorg Noord-Nederland fiert kommende woansdei aksje tsjin de besunigingsplannen fan it kabinet. De meiwurkers draaie dan sneinstsjinsten en meitsje gjin ôfspraken mei kliïnten. Krisisopnamen wurde wol dien.

De ferslavingssoarch neamt de plannen fan it kabinet ûnakseptabel. Se ferwachtsje dat de hegere eigen bydrage in drompel opsmite sil. Kliïnten sille mooglik minder faak gebrûk meitsje fan de soarch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)