Lang om let MFC Aldemardum

22 jun 2011 - 19:48

Yn Aldemardum komt der lang om let skot yn it nij te bouwen multyfunksjonele sintrum. Goed 15 jier lyn makke it doarp hjir de earste plannen foar. Woansdei waard de earste stien foar de bou lein.

It hat sa lang duorre omdat it bestimmingsplan oanpast wurde moast. Yn it nije gebou 't Klif komt ûnder oare in doarpshûs, in dokterspraktyk en in grutte sporthal. Yn oktober moat it klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)