Westra teloarstellend fjirde

22 jun 2011 - 19:37
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra wie woansdei ien fan de grutte favoriten foar de Nederlânske titel tiidriden, mar de hurdfytser fan De Tynje einige yn Veendam as fjirde. Westra tocht sels dat er goed dwaande wie, it ritme wie der en de snelheid ek. Nei 46,4 kilometer die bliken dat dat in plak krekt njonken it poadium opsmiten hie.

Stef Clement (Rabobank) waard foar de fjirde kear kampioen. Jens Mouris en Martijn Keizer, ploechmaten fan Westra by Vacansoleil, twadde en tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)