Ynteresse oername Burggraaff

Burggraaff yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
Foar de oername fan Burggraaff yn Ljouwert bestiet al ynteresse. Dat seit kurator Romana Bremer. De bou-ûndernimming is fallyt ferklearre. Bremer hat woansdei de goed sechstich meiwurkers ûntslach oansein en se ynformearre oer wat se dwaan sil.
Bremer ûndersiket in trochstart fan it bedriuw of fan dielen fan it bedriuw. Der wurdt ek besjoen oft healôf wurk fan Burggraaf Ljouwert fierder ôfmakke wurde kin.