Diel Heamielfeest ferfallen

© Omrop Fryslân
De iepeningsaktiviteiten fan it Heamielfeest yn Boalsert komme woansdeitejûn te ferfallen. De yntocht fan de Heamielkeninginne, de iepeningsseremoanje en it rinkjeriden gean net troch. Dat hat it feestkomitee besletten nei oanlieding fan it tragyske ûngelok fan tiisdeitejûn. Dêrby is in jonkje fan 3 jier ferdronken.
De oare aktiviteiten fan it fjouwerdaachse feest gean wol troch.