Petearen oer opfolging Florijn

22 jun 2011 - 12:05
  • Stedhûs yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

Mei de acht mooglike opfolgers fan wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert binne nije wike de earste petearen. Dat makket foarsitter Sjoerd Feitsma fan de PvdA-fraksje bekend. Goed tweintich persoanen hawwe skreaun op de funksje. De measten foelen al rillegau ôf. De petearen mei de oerbleaune gadingmakkers binne yn twa ronden.

De nije wethâlder wurdt op 8 july presintearre. Op 18 july is dan de ynstallaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)