Slein by strjitrôf De Lemmer

22 jun 2011 - 11:48

Twa Poalen en in 21-jierrige Lemster binne tiisdeitejûn oanhâlden nei in strjitrôf op 'e Lemmer. De plysje krige in melding dat op De Fluit in man mishannele waard. Dêr wie de 21-jierrige Lemster. Dy sei dat er troch twa wapene manlju slein wie. De Poalen binne op de Ketelbrêge yn de polder oan 'e kant set. Yn de auto fûn de plysje in fjoerwapen en pepperspray.

Om't de Lemster in undúdlik ferhaal hie en yn syn hûs ûnderdielen fan in wapen fûn binne, is hy ek oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)