Dochs metalfestival by Aldehou

22 jun 2011 - 10:54

It nije metalfestival Into The Grave yn Ljouwert kin trochgean. It festival is op 13 augustus op it Aldehouster Tsjerkhôf. It wie lange tiid ûndúdlik oft it al of net trochgean koe.

Ferline jier woe de gemeente Ljouwert foar de earste edysje gjin fergunning ôfjaan. It festival is doe op it lêste momint ôfsein. Tagong is net fergees. Yn de foarferkeap betelje besikers 6,66 euro en oan de kassa by de Aldehou 10. Disintegrate (FRL) en Waking The Cadaver (USA) spylje der.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)