Swimster Kraaijeveld nei WK

22 jun 2011 - 06:16
  • Ilse Kraaijeveld (foto: Omrop Fryslân)

Ilse Kraaijeveld fan Dokkum ferfangt Hinkelien Schreuder yn de Nederlânske WK-seleksje foar de frije slach estafette yn it swimmen. Schreuder is út de seleksje set om't der problemen wiene tusken har en it team.

De technysk direkteur hat Kraaijeveld no oanwiisd as har ferfanger. De Dokkumer swimster sil yn de seleksje earst as reserve meidwaan. De earste grutte wedstriid dy't Kraaijeveld nei alle gedachten swimme moat, is it WK yn Shanghai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)