Dútslân ek yn sûnensûndersyk

Noard-Dútslân moat ek meidwaan oan it grutte ûndersyk nei sykten dat yn Fryslân, Grinslân en Drinte rint. Kommissaris Jorritsma hat hjir yn Brussel tidens in wurkbesite foar pleite. Dit Lifelines-ûndersyk kin yn in betiid stadium oanjaan hokker sûnensproblemen de ynwenners fan it Noarden tsjinkomme kinne.
Jorritsma is yn Brussel om sjen te litten wat der dien is mei de 169 miljoen euro oan subsydzje. Doel is om ek nei 2013 wer subsydzje te krijen.