Drokte by knuffelpoly MCL

21 jun 2011 - 17:08

It MCL hie tiisdei ekstra drokte yn de polykliniken. De oarsaak wiene de bern dy't mei har knuffels nei de spesjale knuffelpoly kamen.

De knuffelpoly is bedoeld om bern sjen te litten dat in sikehús net eng is. Tagelyk kinne dokters yn oplieding ûnderfining opdwaan yn it wurkjen mei bern. Dizze wike komme 800 bern nei de knuffelpoly fan it MCL en dy is dêrmei de grutste fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)