Skoallen passe lestiden oan

Hieltyd mear skoallen yn Fryslân passe de skoaltiden oan. Op de measte skoallen is it no noch sa dat der in goed oere middeisskoft is. De bern komme middeis om kertier oer trijen út skoalle. Woansdeitemiddeis binne se frij.
Op mear as in kwart fan alle basisskoallen yn Nederlân binne dat lange skoft en de frije middei al ôfskaft. Basisskoalle Het Slingertouw fan Skoatterwâld foldocht it prima.