Soarch giet it teater yn

21 jun 2011 - 15:54

Learlingen fan 40 Fryske basisskoallen krije de kommende tiid in teaterfoarstelling te sjen oer de soarch. Dat is in inisjatyf fan de provinsje, soarchynstellings en opliedings. Sy hoopje dat learlingen troch de teaterfoarstelling ynteresse krije foar in oplieding yn de soarch.

Neist de foarstelling binne der ek ferskate filmkes en in lespakket ûntwikkele. It is de bedoeling dat de foarstelling yn de hjerst by VMBO-skoallen del giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)