'Kom yn de kas' ekstra

21 jun 2011 - 15:35

De glês- en túnbousektor organisearret dit jier in ekstra edysje fan de iepen dei 'Kom yn de Kas'. Se dogge dit om it imago fan de sektor nei de krisis mei de Ehec-baktearje te ferbetterjen. De sektor hie it dreech de ôfrûne wiken. Meardere bedriuwen moasten harren komkommers en tomaten trochdraaie. Der dogge tolve bedriuwen mei oan de iepen dei. Yn Fryslân kinne minsken in rûnlieding krije by in tomatekwekerij yn Bitgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)