Digitaal boek Foekje Dillema

Foekje Dillema
Der is in digitaal boek útkaam oer de Boerumer atlete Foekje Dillema. It is in oanfolling op it boek 'Het verwoeste leven van Foekje Dillema', dat yn 2008 útbrocht waard. It nijste boek, 'Ze zeggen dat ik geen meid ben', is ek skreaun troch Max Dohle.
Der stean ferskate anekdoates yn oer de atlete. Yn har karriêre rûn Dillema û.o. in Nederlânsk rekôr op de 200 meter. Se waard skorst troch de Atletiekunie. dy't tocht dat se in man wie. Foekje Dillema ferstoar yn 2007.