Skylge kin Oerol net rêde

21 jun 2011 - 11:51
  • Boargemaster Jurrit Visser

De gemeente Skylge kin de besuniging op Oerol net opfange. As de subsydzje echt ferfalt wurdt it in hiele riskante operaasje om Oerol yn stân te hâlden, sa seit boargemaster Jurrit Visser. Neffens him is de besuniging dy't it ryk oan Oerol opleit in miskenning fan de wearde fan it festival.

It Oerolpublyk stjoert massaal protestkaarten nei Den Haach. Kommende moandei praat de Twadde Keamer oer de besunigings yn de kultuersektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)