Rezjysitting saak Nij Beets

Sietske H. yn de rjochtseal
It gerjochtshôf yn Ljouwert hâldt tongersdei in rezjysitting yn de saak Nij Beets. Sietske H. waard yn maaie feroardield ta tolve jier sel foar it om it libben bringen fan har fjouwer poppen.
Tongersdei wurdt sjoen hoe't it Iepenbier Ministearje en de advokaat fan Sietske H. har tariede wolle op de heger beropsaak. Sy kinne dan bygelyks oanjaan hokker saken neffens har fierder ûndersocht wurde moatte.