Tsjûgen socht fan oanriding

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding tusken in auto en in fytser yn Harns. Dat wie moandeitemiddei op it Frjentsjerterein. De fytser woe de brêge oerfytse, doe't de auto fan de oare kant kaam. Neffens de fytser makke dy in nuvere stjoerbeweging dêr't hy by rekke waard. Hy foel en rekke ferwûne.
De bestjoerster kaam út de auto en rûn op him ta, mar gie healwei werom nei de auto en ried fuort yn de rjochting fan de Kanaalwei.