Man smyt peal troch de ruten

21 jun 2011 - 10:48

De plysje hat moandeitejûn in 29-jierrige Jouster oanhâlden foar fernielerij. In tsjûge seach dat de man in houten peal troch in rút fan in hûs oan de Wumkesstrjitte smiet. De plysje koe fia it sinjalemint dat opjûn wie de man oanhâlde.

Hy is meinommen nei it buro foar ferhoar en koe dêrnei mei in proses-ferbaal wer nei hûs gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)