Ynbrekker yn Ljouwert oppakt

21 jun 2011 - 10:03

Oan it Molenpaad yn Ljouwert is yn de nacht fan moandei op tiisdei in ynbrekker oanhâlden. Minsken yn de buert seagen dat de ynbrekker besocht in rút te fernielen. Earst besocht hy omheech te kommen troch op in fyts te stean. Letter besocht hy it nochris mei in keukentrep. Doe't dat net slagge gong de man fuort.

De plysje spoarde him op en hy is yn de sel setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)