Slim ferwûne op Skylge
In 64-jierrige man út Rotterdam is moandeitejûn slim ferwûne rekke op Skylge. De man wie mei de fyts fallen op de Westerkeijnweg by Midslân en yn in sleat rekke.
Hy hie letsel oan de nekke en is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.