Sjors Poels nije spiler Aris

Sjors Poels
Sjors Poels is de nije oanwinst foar de Ljouwerter basketbalklup Lasaulec Aris. De 24-jierrige center (2.09 meter) komt fan Gembo, dat spilet yn de twadde divyzje fan België. Hy hat in kontrakt tekene foar twa jier.
Poels hat in soad ûnderfining yn de earedivyzje. Hy hat spile foar Grins en Nijmegen. Aris ferwachtet ynkoarten noch mear nije spilers presinteare te kinnen.