Jild foar doarpshûs Blije

It nije doarpshûs fan Blije krijt 50.000 euro fan it Oranjefûns. It doarpshûs is ûnderdiel fan it multyfunksjonele sintrum oan de Farrewei yn it doarp. Yn it nije sintrum komme ûnder mear in pjutteboartersplak, fergaderromtes foar ferienings, in dokterspost en in aula. It gebou komt tichtby it sportkompleks.
Der is al mei de bou begûn. It gebou moat begjin 2012 klear wêze. It hiele projekt kostet sa'n 1,8 miljoen euro.